It âlde Bennema State by Hurdegaryp


 

Oan de strjitwei tusken Hurdegaryp en Quatrebras stiet al mear as tritich jier it âldereintehûs Bennema State. De namme ‘state’ past sa dat hjoeddeiske bouwurk oan de ryksstrjitwei. Dat dy namme dochs keazen waard, hat mei de skiednis fan dat plak te krijen. Bennema State is nammentlik in histoaryske namme, ferbûn oan in âld hearehûs

Eartiids stie der op it plak, dêr’t no it fersoargingshûs stiet; in echte state. Dat hûs droech de namme Bennema State. Bygeande foto, dy’t oan it begjin fan dizze ieu makke waard, lit dy state sjen.

It lânhûs waard goed trije hûndert jier lyn boud. De lêste bewenners  fan Bennema State wiene dokters. Yn de fyftiger jierren waard besletten om op ‘e grûn dy’t  om de state hinne lei in griffemeard tehûs foar de âlderein te bouwen. Dat nije Bennema State waard yn maaie 1958 iepene en de dêrnjonken steande âlde state kaam yn besit fan de nije stichting. Yn 1970 waard de doe trijehûndert jier âlde filla in proai fan de slopershammers. Op it plak fan de âlde state waard in nije fleugel oan it âldereinsintrum boud. De histoaryske state, dêr ’t de skiednis treflikfan beskreaun is troch J. H. Holsbrink fan Hurdegaryp yn it leste nûmer fan de ‘Nieuwskrant van Bennema State’ (oktober 1992), libbet no allinne noch troch op âlde foto’s, yn de namme fan it Hurdegarypster âldereintehûs én yn trûbadoer Roel Slofstra syn ferske ‘It stek fan Bennema State’. Dat liet is in ûnderdiel fan it Eije Wykstra-programma, dat Slofstra yn 1977 makke. It giet oer de spoekerij om Bennema State hinne, dêr’t de ferneamde Eije Wykstra mei in pear maten op in nacht in ein oan meitsje woe. De folsleine tekst (fan Tiny Mulder) lit ik hjirûnder folgje:

 

It stek fan Bennema State

te Hurdegaryp stiet dat hûs,

der waarde wakker oer praten

oer dat stek by dat hûs sa prûs.

De man dy’t der wenne,

fergeat it net licht

en doch foar it sliepen syn stek goed ticht.

Mar nachts as elk lei te sliepen

Dan gie it fansels wer iepen.

’t Ferhaal is troch de Wâlden gien:

“Dat stek, dat ha de wite wiven dien!”

 

It stek fan Bennema State

t Hurdegaryp stiet dat hûs,

der waarde wakker oer praten

oer dat stek by dat hûs sa prûs.

It wie op in nacht, in roettsjustere nacht,

Doe leine dêr trije manlju op wacht,

Om as ’t slagge, wa soe it witte,

Sa’n wyt wiif kroandea te sjitten

Wylst kjeld har troch de bonken loek.

Eije, dy wie der, mar noait in spoek.

 

By ’t stek fan Bennema State

Ûntkamen de spoeken syn skot.

Nachts leit er dwyljend te praten:

“In spoekekloft! It bin’ de geasten,

stampe, bûnzje tsjin ’t bedskot !

Mem, mem, mem, doch de doar op slot!”

 

Oer it stek fan Bennema State is ek in oar spoekferhaal bekend. De 52-jierrige Lútsen Riedstra fan Burgum hat sa’n ferhaal. “Yn it ferske fan Roel Slofstra stiet,dat it stek út himsels wer iepen gie, mar ús heit fertelde altiten dat de stekken by de state út harren sels ticht gongen. Guon Hurdegarypsters hawwe der blykber aardichheid oan hân om in fyt út te heljen troch, as de klok nachts tolve oere sloech, it stek ticht te dwaan. Dat waard foar de spoekerij oansjoen. Heit koe moai fertelle en gong ek gauris fuort te foardragen. Heit-en-dy wennen yn Ryptsjerk, mar gongen jûns wolris nei famylje op Feanwâldsterwâl. As se dan let fan de Wâl werom kamen en oer de Foksegatten nei de strjitwei runen, wiene se bliid dat se by Bennema State lans wiene. Benammen jilde dat foar it wykwein, want op saterdeijûnen gong it stek grif ticht. Heit fertelde ús as bern dêr faak oer en hy makke ús der bang mei. Dat is him wol aardich slagge, want as jonkje doarst ik hast net by Bennema State lans. Dat wie yn de tiid dat dokter Bontekoe der wenne.”

Wa’t mear ferhalen oer de spoekerij by it âlde Bennema State hat, kin dy trochjaan oan de redaksje en dan komme wy der yn de folgjende “Krie” op werom.